Hoofdtekst
Wibe Hut (= Wibe Alma) siet besopen to Eastemar yn 'e herberch. Dêr sieten ek kammeraden fan him. Hy swetste en swearde mar. Ik wòl joun fechte, sei er, as is 't ek mei de duvel.
Even letter sette er de kant út nei Harkema, de Swarte Wei en de Achttjinde wei lâns en sa oer de Wytfeanster wei (= Greate Seadswei). Dêr oan 'e kant fan 'e Wytfeanster Wei leinen allegear bultsjes plaggen, dy't út 'e berm weistutsen wienen. Op ien fan dy bultsjes siet in lyts, swart hountsje. Dat kom him tomjitte. Doe't it flak by him wie bigong it lûd to skatterjen.
Wibe sei: Hwat wolstû?
Hy woe it hountsje skoppe, mar doe sprong it gau op in oar bultsje. Hy koe it noait mei de klomp reitsje. En elke kear as er misskopte, skattere it hountsje.
It hountsje roan mei him nei de Heide ta, hy koe 't net kwyt reitsje. Sa kom er thús. Hy moest yn 't achterhús sliepe. Mar dat doarst er net, hwant it hountsje folge him. Dat hy krûpte by syn mem op bêd.
Syn mem sei: Wibe, hwat is der oan?
Doe krûpte hy der út en gong nei syn eigen bêd ta yn 't achterhús. Mar dêr is er mei bêd en al troch 't achterhús slingere woarn troch dat lytse hountsje. Hwant dat hountsje, dat wie de duvel. It hea, dat âlde Albert (syn heit) noch yn 't achterhús stean hie, fleach wech en de wer.

Onderwerp
SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).   
Beschrijving
Wibe Hut zit dronken in een herberg in Eastermar. Hij zegt dat hij best met de duivel wil vechten. Als hij naar huis loopt, komt hij op de hei een hondje tegen wat hem maar blijft volgen. Als Wibe thuiskomt en in het achterhuis gaat slapen, smijt het hondje, die in werkelijkheid de duivel is, hem door de kamer.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 38, verhaal 5 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
? [mei 1966]
Teufel (im diergestalt) erschrekt Sünder
Naam Overig in Tekst
Wibe Hut [Wibe Alma]   
âlde Albert   
Naam Locatie in Tekst
Eastermar [Oostermeer]   
Harkema   
de Swarte Wei   
Achttsjinde wei   
Wytfeanster wei (= Greate Seadswei)   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21