Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ003816

Een sage (mondeling), mei 1966

Hoofdtekst

Ymke de Jong, de bikende gûchelder, hie hwat útheefd en woarde to Ljouwert yn 'e gefangenis set. De doar kom op slot. Mar hy siet der noch mar even yn of hy belle. Doe't de sipier kom, sei er: Ik ha der neat op tsjin dat ik yn 'e gefangenis sit, mat dan wol 'k de doar op slot ha. Hwant de doar hied er al wer los. Se koenen in doar net sa bot skoattelje of Ymke krige him wer los. Hy koe tsjoene.
Op it lêst is er út 'e gefangenis weiflucht. Hy wie al yn 'e gracht njonken it gebou, doe't se it fornommen. Mar as er yn 't wetter wie as op 'e groun, dat wie him itselde. Hy siet plat op 't gat boven op it wetter. En as se meneuvels makken om op him to sjitten, dan skeat hy der gau ûnder en op in hiel oar plak dûkte er wer op. Krekt as in hearringslynder. Sa hied er de plysjes to grazen. Se koenen neat mei him bigjinne.

Onderwerp

SINSAG 0672 - Zauberer geht durchs Schlüsselloch (geschlossene Türen); Türen öffnen sich, wenn er seine Mütze dagegen wirft.    SINSAG 0672 - Zauberer geht durchs Schlüsselloch (geschlossene Türen); Türen öffnen sich, wenn er seine Mütze dagegen wirft.   

Beschrijving

Ymke de Jong, een goochelaar, zit in de gevangenis van Ljouwert. Hij weet iedere keer de deur te ontgrendelen en ontsnapt uiteindelijk via de gracht. Hij kan op het water zitten en op een heel andere plek weer opduiken.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 38, verhaal 16 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

? [mei 1966]
Zauberer geht durchs Schlüsselloch (geschlossene Türen)

Naam Overig in Tekst

Ymke de Jong    Ymke de Jong   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert [Leeuwarden]    Ljouwert [Leeuwarden]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21