Hoofdtekst
Teake Postma wie mei de helm geboaren. Dy moest alles sjen. Nachts gong hy der ôf en dan seach er lykstaesjes. Hy hat de hiele bigraffenis sjoen fan Lefferts Willemke yn 'e Bosk (yn 'e Harkema).
Fan to foaren hat er de hiele bigraffenis útskildere. Der roan in wyt hynder foar de boerewein. Hy fortelde hwa't de foargong hie, hoefolle man der achteroan roannen en hokker jas dy en dy oanhie.
Op in joun wied er mei 't jongfolk op 'e wei. Doe sei er tsjin syn maten: Ik mat hjir even wei gean, ik sjoch in lykstaesje.
Dy bigraffenis fan Lefferts Willemke wie 14 dagen letter as doe't er it sjoen hie. It wite hynder wie fan Jetse Stoarm.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Teake Postma is met de helm op geboren en kan gebeurtenissen in de toekomst zien. Hij ziet de begrafenis van Lefferts Willemke in Bosk veerien dagen van tevoren en ziet precies hoe de lijkstaatsie eruit zal zien.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 39, verhaal 5 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
? [mei 1966]
Leichenzug gesehen & SINSAG 0489: Das Zweite Gesicht & TM 2901: Helmdragers
Naam Overig in Tekst
Teake Postma   
Bosk   
Lefferts Willemke   
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21