Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ003915

Een sage (mondeling), mei 1966

Hoofdtekst

Jehanne, de frou fan Japik Nauta hjiroer, rekke siik. Sy masteren mei greate Wopke fan Kûkherne.
Japik gong ris op in kear nei Wopke ta om drank to heljen. Hy wie to foet. Wopke joech him in drankje foar Jehanne mei. Mar hy sei: Pas goed op, hwant jo krije lêst ûnderweis. Jo matte de drank goed opbergje. Doch it ûnder 'e jas. Der meije foaral gjin forkearde egen oer gean. Wêz foarsichtich.
Underweis trof Japik seis katten yn in sângat. Hy krige in stok en houde op dy katten yn, mar hy koe der noait ien fan reitsje.
Wylst er noch oan 't slaen wie, wienen se op in stuit samar ynienen allegear fuort.
Sjesa, tocht er, nou bin ik feilich en hy smiet de stok fuort.
Mar doe't er in stikhinne thús wie, doe wienen alle seis katten der wer. Hy sei: Soa, binne jimme dêr wer. Mar sa wied er ek by hûs. Hy die de doar iepen. Jehanne kom der al oan. Hy soe de drank ûnder 'e jas weikrije, mar doe wie der ien fan 'e seis katten nei binnen slûpt. It fleske rekke samar fansels stikken en de drank wie wei.
Doe gong er werom nei Wopke. Mar Wopke sei: Nou is der gjin genezing mear mooglik, hwant der ha kweade egen oer de drank west.
Ridlik gau dêrnei is Jehanne stoarn.
Doe gong Piter syn mem (myn skoanmem) nei Tet ta om in krúskepanne. Jehanne wie doe tige min. Doe hie Tet dêr yn 'e heide sitten en mar yn 'e hannen wreaun en sein: "Nou sil se wol wei wêze, nou sil se der wol net mear wêze."
Japik Nauta, dat wie in Grinslanner. Dy hat tsjin Tet sein: Dou bist de oorsaak van myn wyfs dood. Ik wil dy nait weer op 't erf hebbn. Dan gaast der an.
Sy hat ek al us in famke bitsjoend, dat se mei fisk fuorre. Dat famke hiet fan Jehanne. Wopke hat it bern ret.

Beschrijving

Jehanne, de vrouw van Japik Nauta is ziek. Japik gaat naar Wopke om te kijken of hij een genezing heeft. Wopke geeft Japik een drankje en zegt dat hij het goed moet opbergen, omdat hij onderwerg problemen zal hebben. Onderweg komt Japik zes katten tegen, die maar niet van zijn zijde willen wijken. Zij zien het drankje. Als Japik dit tegen Wopke vertelt zegt Wopke dat dat een slecht teken is, omdat er nu kwade ogen naar gekeken hebben. Jehanne sterft snel daarna. Japik geeft Tet de schuld van de dood en wil haar niet meer op het erf hebben.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 39, verhaal 15 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

? [mei 1966]

Naam Overig in Tekst

Jehanne    Jehanne   

Japik Nauta    Japik Nauta   

Wopke    Wopke   

Grinslanner    Grinslanner   

Naam Locatie in Tekst

Tet    Tet   

Kûkherne    Kûkherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21