Hoofdtekst
Thomas Klare fan Houtigehage koe kaertlizze. Ik en myn maet ha ris nei Ljouwerter Merke ta west. Dêr wienen njoggen kaertlizters. Wy ha by alle njoggen west, mar sy seinen it alle njoggen oars.
Mar ik ha ek ris mei twa fan myn maten by Hinke Kaert west to Nijebrêge. Hwat Hinke sei, dat kaem altyd út.
Sy bea ús bier oan. De hearen ek in potsje? sei se. Jawol Hinke, seinen we.
Anne Wytkop is ek dea, hè? En Minke Anne is ek forstoarn, hè? Jimme komme út it Noardoasten wei.
Ik wie de earste, dy't oan 'e beurt kom.
"Dû mast trouwe, hè?" sei se.
Ja, sei ik.
Nou dyn wente komt to stean skean tsjin it hûs fan dyn heit en dy oer. 't Is in boerespultsje.
Dat kloppe as in bus.
Sit ik ek yn aksje, Hinke? frege ik.
Dêr ha 'k net omtocht, jonge, sei se. Mar 'k sil wolris sjen. Doe skodde se de kaerten, lei guon út en sei: "Dû hast ien in slach tsjin 'e kop jown. It proses verbael leit hjir yn 't Hearrenfean. Mar dû hoechst net bang to wêzen, hwant der komt neat fan."
Doe kom myn kammeraet oan 'e beurt.
Dû krijst in jong dinkje, sei se. En dat wie ek sa, hy troude mei in fanke fan sawntjin.
Tsjin 'e trêdde sei se: Dû krijst ien mei in lape op 'e skelk. Dêr bidoelde se in widdoufrou mei.
Doe't wy fuort soenen, sei se: Nou matte jimme oppasse, hwant jim krije aenst ek noch in ûngelok ûnderweis. En dat kom ek al wer út, hwant myn beide maten rekken mei de stjûren fan 'e fytsen yn inoar.
Sy sei ek noch tsjin my: Ien kriget dy topakken mei de sinten. En dat kloppet ek. Wy sitte der yn mei ús skoansoan.

Onderwerp
SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   
Beschrijving
Een waarzegster kan met het leggen van kaarten succesvol in de toekomst kijken. Zij ziet huwelijken, overlijdens, ongelukken, processen en verdiensten.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 40, verhaal 6 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
15 mei 1966
Das zweite Gesicht.
Naam Overig in Tekst
Thomas Klare   
Hinke Kaert   
Anne Wytkop   
Minke Anne   
Naam Locatie in Tekst
Houtigehage   
Ljouwert [Leeuwarden]   
Nijebrêge   
Hearrenfean [Heerenveen]   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21