Hoofdtekst
Twa arbeiders hjirwei wienen op 'e Grinzer klaei oan 't sichtsjen. De boer, dêr't se by yn tsjinst wienen, sukkele. Hy hie al mei forskillende dokters en professors mastere, mar it hie net holpen. Doe seinen dy arbeiders: Jo matte Hinse Jehannes om ried freegje.
Doe ried de broer fan 'e boer mei it rydtúch nei Hinse ta. Hinse joech him in greatflesfol drank mei, genôch foar in maend. Nei in maend moest er wer komme. Dat gong sa trije kear.
Doe sei Hinse: Hjir is nòch in flesse drank, dy mat jou broer èk noch opbrûke en dan is er genezen. Hwant dy mat oan 't bloedskiten.
Hoefolle skuld ha 'k? frege de broer.
Fiif goune, sei Hinse.
Doe lei de man in briefke fan fiif en twintich op tafel.
Hwat bliksem mat dàt? sei Hinse. Ik ha 5 goune frege en dochst dat net, dan kin dy itselde wolris oerkomme as dyn broer.

Onderwerp
TM 4302 - Volksgeneeskunde   
Beschrijving
Boer geneest niet ondanks inschakelen van artsen en professoren. Op aanraden van arbeiders gaat broer naar duivelbanner, die hem vier keer een fles met medicijn meegeeft. Bij de laatste fles vraagt de broer naar de kosten. Als hij meer geld neerlegt dan hij verschuldigt is, zegt de duivelbanner dat hij precies het gevraagde bedrag moet betalen. Anders kan hij ook ziek worden.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 40, verhaal 8 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
15 mei 1966
Volksgeneeskunde
Naam Overig in Tekst
Grinzer   
Groninger   
Hinse Jehannes   
Hinse Johannes   
Hinse   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21