Hoofdtekst
Tseard de Wit arbeide by Eise Poal yn 'e Kompenije. Doe gebeurde it ris dat it net tsjernje woe. De molke skûme mar en skûme mar en sy koenen mei gjin mooglikheit bûter krije. Doe hellen se Hinse duvelbander op. De beesten roannen yn 't lân. Dêr gong Hinse hinne mei Tseard. Tseard hie in dikke stok by him.
Doe't se by de daem kamen, sei Hinse tsjin Tseard: Hjir mastû stean bliuwe.
Doe foel Hinse by de daem del op 'e knibbels en doe gong it der mâl oan wei mei him. Doe focht er mei de duvel. De duvel hat er dêr oerwoun. Op it lêst kom er oerein en gong nei de boer ta. Hy sei: Jimme matte it molken der mar út dwaen en de tsjerne goed skjin meitsje.
Dat ha se dien en doe koenen se wer bûtermeitsje.

Onderwerp
SINSAG 0916 - Kampf mit dem Teufel.   
Beschrijving
Bij het karnen bleef de melk schuimen en mislukte het botermaken. Boer gaat met duivelbanner naar de weide, waar de duivelbanner in gevecht gaat met de duivel en hem overwint. Nadat de melk weggegooid is en de karn goed schoongemaakt, lukt het botermaken weer.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 40, verhaal 10 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
15 mei 1966
Kampf mit dem Teufel
Naam Overig in Tekst
Tseard de Wit   
Eise Poal   
Hinse   
[Hinse Jehannes de Boer]   
Tjeerd de Wit   
Eise Pool   
Kompenije   
Drachtster Compagnie   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21