Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ004401

Een sage (mondeling), vrijdag 03 juni 1966

Hoofdtekst

Stammerige Harm syn skuorke moest dutsen wurde. Ruerd Schutter en Ielk wennen by him yn. En Ielk har heit ek noch. Der wienen twa man om to dekken. Alde Harm sei: Ik sil even molke helje by Japik wei en dan sil ik ek koeke meinimme, dan kinne wy aenst kofje krije mei in stik koeke der by.
Ik mat even sinten ha, sei er. Doe krige er in blikken sigarekistje. Ruerd seach, dat dat kistje hartstikkefol jild siet. Dat kistje helle Harm ûnder in bultsje reid wei, dat njonken it hûs lei. Doe't hy der hwat jild út naem hie, treau er it wer ûnder it reid.
Ruerd seach alles. Hy tocht: Ik dat trompke -
Dat Harm hie noch mar krekt de fuotten lichte, of Ruerd hie it protsje reid al oer de kop helle. Mar der wie gjin trompke to finen.
'k Ha mei eigen egen sjoen, dat Harm it der ûnder treaun hat, sei er.
Syn skoanheit, âlde Hindrik, dy't in lamme earm en foet hie, sei: Dan sjochst it oer de kop.
It gong al wer op in sykjen en sykjen, mar 't wie der net.
Doe kaem Harm werom mei molke en koeke. Hja rekken oan 't kofjedrinken mei koeke der by. It klobke reid bleau op 'e groun lizzen. Dat hoefden se foar it dekken net mear to brûken.
It reiddekken wie gau gebeurd. Hoefolle jild matte jo ha? frege Harm oan 'e dekker? Dy neamde it bedrach.
Hoefolle krijt de jonge? Dat bidrach waerd ek neamd. Harm gong nei it reidbultsje ta en helle it blikken kistje der ûnder wei. Hy bitelle de beiden.
Hoe koe dat nou? Hwer wie dat trompke sa lang west?
Ik siz, dat wienen duvelskunsten. (Sake Huisman)

Doe't Harm dea wie, hied er net in dûbeltsje. En hwat hied er in knoarre jild by syn leven!
In skoansoan fan him wie koopman. Dy koe altyd sinten fan Harm krije.
De hiele heide hie skiep fan Harm. Sa'n skiep hienen se dan togearre, om 'e helte.
Harm seach der út as de earmste skoaijer, smoarch en ûnhuer en it wienen fodden, dy't er om 'e lea hie.
Doe't se mei myn húske oan 't timmerjen wienen en 't al hast klear wie sei er: "Hwat mat ik foar dat húske jaen. Ik sei, sahwat foar de grap: safolle. Ik tocht, hy hat doch net in stûr. Sa skoarum seach hy der út.
Mar doe taestte Harm yn 'e jas en ik woarde kjel. 't Wie allegear papier.

Wy wienen bang foar Harm, omt hy in 'kind des duivels' wie.
It wie ek noch in wreden hond. Syn wiif Jeltsje hat in min leven by him hawn. Dy hat er sahwat formoarde.

Harm hie in wikseldaelder. As er ien bitelle, dan bitelle er mei dy wikseldaelder. Dan wie sa'n ien even letter alle jild wer kwyt. Hwant dy wikseldaelder, tagelyk mei de rest fan it jild, kaem altyd wer by stammerige Harm tolânne.
Dêr kaem it fan dat er sa ryk wie.
Op in kear wie der wer in man, dy't jild fan him barde. Dy man treau it jild goed yn 'e fûst en hâldde de fûst ticht. Doe't er oan 't Wyld Paed ta wie, died er der de hân iepen om nei 't jild to sjen. Doe siet der net in sint mear yn.

Onderwerp

SINSAG 0882 - Der Wechseltaler (Teufelsgulden) wird mit viel Mühe erworben, und kehrt immer in die Tasche zurück.    SINSAG 0882 - Der Wechseltaler (Teufelsgulden) wird mit viel Mühe erworben, und kehrt immer in die Tasche zurück.   

Beschrijving

Het schuurtje van Harm de Stotteraar moet worden opgeknapt. Dat doen twee rietdekkers en de mannen die bij Harm inwonen. Harm gaat melk en koeken halen en neemt daarvoor geld uit een blikken sigarenkistje dat onder een bosje riet naast het huis lag. Het kistje zit vol geld. Als Harm weg is, is het trommeltje niet meer te vinden, maar als Harm later de rietdekkers gaat betalen, haalt hij het weer onder het riet vandaan. Volgens de verteller zijn dat duivelskunsten. Toen Harm dood was had hij geen cent, maar bij zijn leven een heleboel. Hij ziet er uit als een schooier met smerige vodden aan zijn lijf. Als er aan het huisje van de verteller wordt getimmerd, vraagt hij hoeveel hij ervoor moet betalen. De verteller noemt voor de grap een hoog bedrag en Harm haalt zo allemaal papier geld uit zijn zak. De verteller vertelt dat ze bang waren voor Harm omdat hij het kind van de duivel was. Hij is wreed en heeft zijn vrouw Jeltsje bijna vermoord. Harm heeft een wisseldaalder. Daarmee betaalt hij en dan is de ontvanger even later al het geld weer kwijt, want de wisseldaalder komt met de rest van het geld altijd weer bij Harm terug. Daarom is hij zo rijk. Op een keer heeft iemand geld van hem ontvangen. De man houdt het geld goed vast in zijn vuist, maar als hij bij het Wilde Pad is, zit het geld er niet meer in.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 44, verhaal 1

Commentaar

3 juni 1966
Der Wechseltaler (Teufelsgulden) wird mit viel Mühe erworben, und kehrt immer in die Tasche zurück.

Naam Overig in Tekst

Stammerige Harm    Stammerige Harm   

Ruerd Schutter    Ruerd Schutter   

Ielk    Ielk   

Japik    Japik   

Hindrik    Hindrik   

Wyld Paed    Wyld Paed   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21