Hoofdtekst
Hjir hat in man wenne, dy syn dochter wie troud mei in sekere Marten. Sy wennen yn 'e Harkema. Dy man kaem ris in kear by ús mem. Hy fortelde mem, dat syn dochter forhongere dêr yn 'e Harkema. De keardel woe net in slach dwaen en bihandele har as in houn. Dat hy woe syn dochter wer thús ha.
Wylst er oan 't fortellen wie, sei mem al in pear kear: Gean dochs sitten. Mar hy gong net sitten. Ik mat hjir fuort wer wei, sei er. Mar hy bleau mar stean. Mem bigrypte der neat fan.
Letter hat er forteld, hwerom er stean bleaun wie.
Hy hie net sitte kind. Safolle folk hie der by ús yn 'e hûs west. Dat hied er allegear sjen moatten. Allegear folk fan 'e bigraffenis. In suster fan my, Aefke, wie stoarn. Dat gebeurde in pear wiken letter. Aefke wie 18 jier, doe't se stoar. Hy hie dat allegear foarút sjoen op it stuit dat er by ús mem kaem om oer syn dochter to fortellen.

Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Een man uit de buurt kwam de moeder van de verteller eens vertellen dat zijn dochter door haar man slecht behandeld werd. Onder het vertellen wilde hij niet gaan zitten. Hij heeft later verteld waarom hij bleef staan. Het was in huis helemaal vol mensen van een begrafenis geweest. Een paar weken later stierf een zuster van de verteller. De man had het allemaal van te voren gezien toen hij over zijn dochter kwam vertellen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 44, verhaal 13
Commentaar
3 juni 1966
Andere Todesvorzeichen.
Naam Overig in Tekst
Marten   
Aefke   
Naam Locatie in Tekst
De harkema   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21