Hoofdtekst
Né, sei de boer, soargen haw ik net.
Dan wurdt dat wol us in kear tiid, sei de koaning.
Ik sil jo trije fragen dwaen. Nije wike, dan kom ik hjir wer lâns en dan matte jo my de antwurden sizze. Jo kinne der dus in wike oer tinke. Witte jo oer in wike de antwurden net, dan kostet jo dat it leven.
Doe siet de boer raer yn 't lyts himd. Hy koe de fragen mei gjin mooglikheid biantwurdzje. Hy iet net en hy dronk net en hy krige alhiel gjin sliep.
Syn feint fornaam dat en dy frege him hwat der oan skeelde. Doe fortelde de boer him alles. Ek de fragen fan 'e koaning lei er him foar.
Doe sei de feint: Lit alles mar oan my oer. As de koaning komt, doch ik jou klean oan, en jo hâlde jo mar hwat forside.
De koaning kom op 'e fêststelde dei. De feint siet as boer forklaeid by de tafel.
De earste fraech, sei de koaning. Hwer is de midden fan 'e ierde.
Op it plak, dêr't ik sit, sei de feint. Mjit it mar ris nei.
Dat wie in goed antwurd.
Nou de twade fraech, sei de koaning. Hoefolle wetter giet der yn 'e sé?
In ammerfol, sei de feint, as men de amer mar great genôch makket.
Dat wie ek in goed antwurd. Nou de trêdde fraech, sei de koaning. Hwat tink ik optheden?
Jo tinke, dat de boer hjir foar jo sit, mar 't is de feint.
De koaning wie sa op 't skik mei dizze trije antwurden, dat hy naem de feint mei oan 't hof, dêr't er in hege baen krige. En de boer mocht it libben hâlde.
Onderwerp
AT 0922 - The shepherd substituting for the priest answers the king's questions   
ATU 0922 - The Shepherd Substituting for the Clergyman Answers the King’s Questions.   
Beschrijving
Bron
Motief
H541.1 - Riddle propounded on pain of death.   
H696.1 - Riddle: how much water is in the sea?   
H681.3.1 - Where is the center of the earth? Here; if you don‘t believe it, measure it yourself.   
H524.1 - “What am I thinking?”   
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Zonder Zorg   
