Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ005401

Een sage (mondeling), woensdag 15 maart 1967

Hoofdtekst

Njonken ús yn 'e Westerein wenne in frou, dy wie mei de helm geboaren. Op in kear sei se tsjin ús mem: "Der komt ien fan ús jonges to forstjerren. Ik ha de kiste fannacht stean sjoen. Hy koe net op it plak stean dêr't er hearde, dan koenen se de swaei net krije, dat hy stie yn in forkearde hoeke yn 'e keamer. Ik ha der fannacht twakear út west. Beide kearen ha 'k hwat sjoen."
Us mem leaude neat fan sokke praetsjes. Mar in healjier letter stoar ien fan 'e buorfrou har soannen. Se soenen de kiste op it plak sette, dêr't er hearde, mar dat koe net fanwege de swaei. It gong krekt sa lyk as hja it sjoen hie.
Op in oare kear sei se tsjin ús mem: "Fannacht ha ik jim hûs brânnen sjoen."
"Praetsjes", sei ús mem.
Mar noch gjin fearnsjier letter brânde it op. It kom altyd nei, hwat dat minske seach.

Onderwerp

SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen    SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen   

Beschrijving

Naast het huis in Zwaagwesteinde waar de vertelster in haar jeugd woonde, woonde een vrouw die met de helm geboren was. Op een keer vertelde ze dat één van haar jongens zou sterven. Ze had 's nachts de kist zien staan in de verkeerde hoek van de kamer, omdat anders de draai niet kon worden gemaakt. Een half jaar later stierf inderdaad één van de zoons van de buurvrouw. Het ging precies zoals ze het had gezien.
Een andere keer had ze het ouderlijk huis van de vertelster zien branden. Nog geen kwart jaar later brandde het af. Het kwam altijd uit wat dat mens zag.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 54, verhaal 1

Commentaar

15 maart [1967]
Der Sarg gesehen & SINSAG 0491, Vorzeichen eines Brandes & TM 2901: Helmdragers

Naam Locatie in Tekst

Westerein [Zwaagwesteinde]    Westerein [Zwaagwesteinde]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21