Hoofdtekst
Wy hienen in geit by uzes thús. Dêr krige ik de molke fan, hwant ik wie net goed. Dokter hie dat foarskreaun.
Der wenne doe in fanke fan sa'n fjirtsjin jier by ús, dy sei op in kear: "Dy geit doocht net, dy wol net frette. Hy is bitsjoend." Doe sei se: "Jow my in stik duveldrek."
Sy krige it en die der in stikje fan yn in bantsje en dat krige de geit mei in tou om 'e hals hinne. Doe die se noch twa knopen yn it tou. Doe sei se tsjin ús: "As de geit nou wer net frette wol, sjoch dan nei de knopen."
Op in snein kommen wy út tsjerke wei. Heit sei: "De geit is ek wer net goed, dy wol net frette."
Ik gong nei de geit ta om us to sjen. Doe sei 'k: "Ik wol 't wol leauwe dat er net fret. De knopen binne út it tou wei."
Ik lei der wer twa knopen yn en dêr frette de geit wer hinne.
Doe kommen wy wer us in kear út tsjerke, doe sei heit: "Nou fret de geit wèr net." Doe miste de geit it tou mei it lint.
Doe haw ik wer in stik lint opsocht, dêr duveldrek yn dien en twa knopen yn it tou lein.
"Nou kinne wy sjen," sei 'k, "hwat hjir dwaende is."
It wie sa dúdlik as hwat.

Onderwerp
TM 3104 - Duivelsdrek als afweer   
Beschrijving
Een geit is betoverd. Ze wil niet eten. Ze kijgt een stukje duivelsdrek in een bandje aan een touw om haar hals. In het touw zitten twee knopen. Als de geit weer niet wil eten, blijkt dat de knopen uit het touw zijn. Zodra ze er weer in zitten, eet de geit weer. Na een tijdje weigert de geit opnieuw te eten. Nu is het touw met het lint verdwenen. De geit krijgt een nieuw lintje met duivelsdrek aan een touw met twee knopen, maar het is duidelijk wat er gaande is.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 60, verhaal 10
Commentaar
25 juni 1966
Duiveldrek als afweer
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21