Hoofdtekst
Myn jongste broerke rekke siik. Hy bigong der al mar minder út to sjen. Syn troanje woarde wilich.
Doe gong heit nei greate Wopke fan Kûkherne. En dêr wie 't al sa, it jonkje wie bitsjoend.
Wopke joech heit in drankje mei, dêr moest it bern fan ynnimme, sei er. Mar hy warskôge heit, heit moest werom net troch de bosk gean, hwant dan soed er ophâlden wurde troch guon, dy't it op it drankje gemunt hienen.
Mar heit gong àl troch de bosk. Dat wie in koarter paed en hy seach dat er in grouwe kneppel krige.
Underweis yn 'e bosk krige heit allegear katten om him hinne. In gelok dat er de kneppel by him hie, hwant oars hie 't fleske miskien stikken rekke. Nou koed er der mei ôfweve.
Doe't er thúskom woardde it kessen iepentoarnd en dêr kommen mar even seis krânsen út! De seisde wie noch net alhiel klear. Hie dat it gefal west, dan wie 't bern dea.
Dy krânsen, dêr sieten allerhande triedden en lapkes trochhinne naeid fan guod, dêr't mem oan naeid hie. De lapkes hienen sahwat de greatte fan in ryksdaelder.
De kransen woardden forbrând, nei't alles ticht makke wie. Sy knapten yn 't fjûr. It jonkje is fan stonden oan better woarn. Hy libbet noch en is nou seis en sawntich jier.
In reizger mei boadskippen fan Hurdegaryp wie de tsjoender. Mar wy ha him fuort it hiem forbean.

Onderwerp
TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner   
Beschrijving
Voor ziek broertje gaat vader van de verteller naar een genezer die hem een drankje meegeeft. Hij waarschuwt dat hij onderweg goed op het flesje moet letten. Vader wordt inderdaad belaagd door een troep katten. Uit het opengemaakte kussen worden zes kransen gehaald, waarvan de zesde nog niet helemaal klaar is. De kransen zijn gemaakt van lapjes van stof waar de moeder mee had genaaid. De kransen zijn verbrand. De tovenaar is de toegang tot het erf verboden.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 61, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
1 juli 1966
Het drankje van de duivelbanner
Naam Overig in Tekst
Greate Wopke   
Grote Wopke   
Naam Locatie in Tekst
Kûkherne   
Kuikhorne   
Hurdegaryp   
Hardegarijp   
Plaats van Handelen
Noordbergum (Friesland)   
Kloekenummer in tekst
B060a   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21