Hoofdtekst
Wy ha in buorfrou hawn, dat wie in sekere Janke.
Sy moest der nachts faek ôf, dan moest se hwat sjen.
Doe seach se op in kear in deakiste op Hamsterheide. Dy stie op in smel paed, dêr koe net in wein lâns. Letter kom dêr ien to forstjerren, dy wenne bot achterôf en doe moesten se dêr lâns mei de kiste.
Ek seach se in kear in platte kroade mei in kiste der op. Doe wie 't al yn 'e moarn. Der wie neat yn dy kiste, de man leefde noch. "Hea, hwat sil dit hjir wêze", tocht se. In pear dagen letter woarde de kiste brocht. Doe wie dy man stoarn. Dat hie Janke sjoen.

Onderwerp
SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen   
Beschrijving
Een vrouw moet er 's avonds vaak uit om wat te zien. Op een keer ziet ze een doodskist staan midden op een smal pad. Er kon net een wagen langs. Later sterft daar iemand in de buurt. Ook ziet ze een keer een kruiwagen met een kist, waar niemand inlag. De man voor wie de kist bestemd was, is een paar dagen later gestorven.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 62, verhaal 16
Commentaar
2 juli 1966
Der Sarg gesehen
Naam Overig in Tekst
Janke   
Naam Locatie in Tekst
Hamsterheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21