Hoofdtekst
Der wie in bakker, die hie faek in oare feint. Dy feinten kommen altyd op in nuvere menier oan 'e ein. Dêr wie net altyd in forklearring foar. Soms wie der ien yn 'e oven forbrând, soms wie der ien mei de holle yn 'e gleon-hite oalje, it wie altyd raer en fremd. Op it lêst doarst de bakker hast net mear in feint to nimmen.
Doe kom der in foarse, sterke jongkeardel, dy't goed hwat yn 'e bouten hie. De bakker fortelde him hoe't it mei de foarige feinten gong wie.
"Doarst wol?" sei er.
"Wis wol, dêr jow ik neat om, ik rêd my wol."
De earste de bêste nacht moest dy nije feint allinne bakke. De bakker slepte.
Doe kom der bisite. De doar gong iepen en dêr kommen sawn katten oan. Dy gongen alle sawn op 'e ein fan 'e breatrôch sitten. Doe seinen se tsjin elkoar:
"Sullen we hem, sullen we hem, sullen we hem ris wippen?"
Dat gong sa mar troch. De feint hie de stookpot klear. Hy tocht: "Ik sil jim foar wêze."
Doe bigong er dy katten to smiten mei siedend wetter. De oare moarns leinen de katten dea en der is noait wer in feint yn 'e bakkerij stoarn.
(dit fortelde ús mem fan Bakkefean)

Onderwerp
SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.
  
Beschrijving
Een bakker heeft vaak een nieuwe knecht. De knechten komen altijd op een vreemde manier aan hun eind. Er komt een nieuwe knecht, een sterke jonge kerel. Hij moet meteen 's nachts alleen bakken. De deur gaat open en zeven katten komen binnen, ze gaan op het eind van de baktrog zitten en willen hem er in gooien. De knecht is ze voor en gooit kokend water over de katten . De volgende morgen zijn de katten dood. Er is nooit meer een knecht gestorven.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 64, verhaal 10
Commentaar
3 juli 1966
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen. (vreemde variant)
Naam Locatie in Tekst
Bakkefean   
Bakkeveen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21