Hoofdtekst
Der wie in keardel, dy kom faek dronken thús. Dan koe it wiif mar rûmte jaen, hwant hy sloech de boel stikken en hy joech har ek in wân op 'e hûd. Hja hie de gewoante en gean dan even nei de buorlju ta. Dy minsken brochten har dan letter wer nei hûs. Dan lei de man meastal to sliepen ûnder 'e tafel. Dan gong hja op bêd. Op in kear kom er wer dronken thús, slimmer as oars. Hja tocht, ik mat gau sjen dat ik by de buorlju kom. Wylst hja him foarby slûpte kom der in lyts hountsje yn 'e hûs. Hja tochte: Dat hountsje kin der aenst wol wer út, as ik werom bin. Mar doe't se letter wer by har thús kom wie 't hountsje der net mear, mar de man lei dea oer 't hûs. It hountsje hie him to pakken hawn, dat wie de kweade sels.
Onderwerp
SINSAG 0916 - Kampf mit dem Teufel.   
Beschrijving
Het verhaal gaat over een man die als hij dronken is in huis de boel kort en klein slaat. Zijn vrouw zoekt dan haar heil bij de buren. Bij terugkomst ligt haar man onder de tafel te slapen. Op een keer is het weer zover. Als de vrouw naar de buren sluipt, ziet ze een hondje het huis binnen gaan. Als ze weer thuiskomt is het hondje weg, de man ligt voor het huis. Het hondje heeft hem te pakken gehad., dat was de duivel zelf.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 65, verhaal 3
Commentaar
7 juli 1966
Kampf mit dem Teufel.
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
