Hoofdtekst
Yn 'e Surhústerfeanster Mieden wenne in minske, dat forkocht molke en bûter. Dat minske woardde letter siik en rekke dea. Doe't se in skoftsje dea wie, seinen de bern tsjin 'e heit en de húshâldster: "Wy ha ús mem ek wer sjoen." De heit woe 't earst net leauwe mar letter kom hy har sels ek to sjen. Doe woardde er bang.
Hy sei tsjin 'e húshâldster: "Doarstû wol mei har prate?"
"Jawol", sei se.
In skoftsje letter seach de húshâldster har ek. De mem kom hyltyd neijerby.
De húshâldster frege: "Hoe kin dit, dat jo wer komme? Wolle jo 't forklearje?"
Doe sei 't minske: "Wolle jo folbringe, dêr't ik om kom?"
"As 't kin, ja," sei de húshâldster, "dêr jow ik jo de hân op."
"Jo kinne de tippe fan 'e skelk wol beetkrije."
Dat die se, doe woardde dy tippe der hielendal ôfbrând. Doe sei it minske: "Ik ha oan dy en dy lju molke en bûter forkocht, mar dy ha noait har part krigen. Soenen Jo har it jild weromjaen wolle?"
"Ja", sei de húshâldster.
"Dan krij 'k gjin lêst wer."
It woarde dien en sy ha har noait wer sjoen.

Onderwerp
SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   
Beschrijving
Een vrouw die melk en boter verkocht, werd ziek en ging dood. Toen ze een tijdje dood was, zagen de kinderen hun moeder weer. Later zagen de vader en de huishoudster haar ook. De huishoudster vroeg haar waar ze vandaan kwam. Toen zei de vrouw dat ze nog schuld had bij mensen aan wie ze geen melk en boter geleverd had. De huishoudster heeft die mensen terugbetaald en de vrouw is nooit meer gezien.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 66, verhaal 3
Commentaar
10 juli 1966
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)
Naam Locatie in Tekst
Surhústerfeanster Mieden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21