Hoofdtekst
Der wienen minsken yn 'e Harkema, dy hienen in bern, dat wie siik. Ut tsjerke wei kom buorman om to harkjen hoe't it mei it bern wie. De frou sei tsjin 'e buorman: "De jonge wurdt neat better. Wy ha al guod fan dokter, mar dat jowt suver neat."
De man sei: "Ik mat moarn mar nei de duvelbanner ta yn Kûkherne. Dan mat ik mar in heale dei thúsbliuwe."
De oare moarns kom de man fan bêd. Hy seach op 'e klok, mar dy stie. Doe seach er nei de wekker, dy stie ek. Doe seach er nei 't horloazje, dat stie ek. Doe soed er de lampe oanstekke, mar dy woe net brânne.
De broek koed er mei gjin mooglikheit oan krije.
Alles like wol bitsjoend to wêzen.
Hy sei: "Alde duvel, dû wurdst gjin baes oer my." Hy nom syn klean ûnder 'e earm en klaeide him by de buorman oan. Togearre gongen se nei Kûkherne ta.
Wopke sei: "Dit wie fan 'e moarn in toer net, om fuort to kommen. Mar jo ha 't woan, jo binne baes woarn. Jo binne nou it hoekje toboven. Wy sille jo guod meijaen. Mar 't mat ûnder eigen egen bliuwe. Der mat it bern deis trije kear fan ynnimme. Dan bikomt it wol wer." De jonge woardde wer better. Hindrik Ophuis wie de tsjoender.

Onderwerp
TM 4302 - Volksgeneeskunde   
Beschrijving
Buurman kwam kijken hoe het met een ziek kind was. Omdat het middeltje van de dokter niet hielp wilde de man de volgende dag naar een duivelbanner gaan. De volgende ochtend leek alles betoverd, maar de man zei dat de duivel hem niet de baas zou worden. De duivelbanner zei ook dat het moeilijk was geweest om weg te komen, maar dat hij had overwonnen. Met het drankje werd het kind beter.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 66, verhaal 13 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
10 juli 1966
Volksgeneeskunde
Naam Overig in Tekst
Hindrik Ophuis   
Hendrik Ophuis   
Wopke   
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Kûkherne   
Kuikhorne   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21