Hoofdtekst
Der wie in dûmny, dy moest by in frou komme.
Dy frou gong foar in tsjoenster troch, mar de dûmny woe dêr wissichheid fan ha. Sy kom noait yn 'e tsjerke. Ha jo ek sin oan pankoeken? frege se de dûmny. Jonge ja, sei er. Doe bigong sy to pankoekbakken.
Doe't se trije klear hie, brocht se se him. Mar hy iet se net op. Doe't se wer fuort gong om mear to bakken, die er se gau yn in krante en yn in doek, dy't er meinom hie.
Doe't se der wer ynkom, sei er: "Der komt my hwat yn 't sin. Ik mat noadich fuort. Mar ik kom wol wer."
Hy gong nei hûs ta en die de pankoeken yn in panne. Hy die der in lid op. Doe't er de oare deis yn 'e panne seach, sieten der trije podden yn.

Onderwerp
SINSAG 0586 - Von Hexe empfangene Äpfel verwandeln sich in Kröten   
Beschrijving
Een dominee moest bij een vrouw op bezoek. Die vrouw ging door voor een heks, maar de dominee wilde er zeker van zijn. Ze kwam nooit in de kerk. Ze ging pannenkoeken voor hem bakken. Toen ze er drie klaar had, bracht ze hem die en ging toen weer verder bakken. Hij at ze niet op, maar stopte ze snel in een krant en een doek. Toen ze weer binnenkwam, zei hij dat hij nodig wegmoest en wel weer terug zou komen. Thuis legde hij de pannenkoeken in een pan met een deksel erop. De volgende dag zaten er drie padden in de pan.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 66, verhaal 18
Commentaar
10 juli 1966
Von Hexe empfangene Äpfel verwandeln sich in Kröten
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21