Hoofdtekst
Hindrik Ophuis wie in greate tsjoender. It wiif en de bern hienen 't himd altyd omkeard oan en se droegen altyd brea op it boarst, sa bang wienen se, dat se oars bitsjoend wurde soenen.
Hy bitsjoende alles. Hoefolle fé hy net bitsjoend hie. Ek fé fan syn eigen bern.
Op in kear hie syn soan Willem in moai fet skiep kocht. Mar dat skiep woarde minder. Hindrik sei: "Dat skiep giet der ek wer oan, jonge. Ik sjoch it wol."
Doe sei Willem tjin syn heit: "Dat hastû dien, âlde duvel. It hiele hiem leit fol deade beesten, dystû bitsjoend haste. Sy lizze allegear yn 'e groun. Mar ast dit skiep ek noch bitsjoenste, dan sil ik dy deameitsje."
Doe sei Hindrik: "Och, 't kin ek noch wol wer hwat opknappe."
Fan dy stounen ôf is 't skiep wer opknapt.

Beschrijving
Een man is tovenaar. Zijn vrouw en kinderen hebben het hemd altijd omgekeerd aan en dragen brood op de borst uit angst betoverd te zullen worden. Hij betovert ook het vee van zijn kinderen. Als een vet schaap van zijn zoon ziek wordt, dreigt de zoon de vader dood te maken. Van toen af aan is het schaap weer opgeknapt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 71, verhaal 8
Commentaar
28 juli 1966
Naam Overig in Tekst
Hindrik Ophuis   
Willem Ophuis   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21