Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ007209

Een sage (mondeling), maandag 25 juli 1966

Hoofdtekst

Der soe us op in snein in dûmny nei Himpens ta to preekjen. Dy siet yn in rydtúch en de fuorman siet foarop. De dûmny kom út 'e Wâlden en de reis gong oer Ljouwert.
Doe stie der ien to liften ûnderweis, dy woe graech mei ride. It like in fatsoenlik man sa op it eech, dat hy kom yn 'e wein. Hy koe dy dûmny wol, mar dat liet er him net skine. Hy sei: "Ik sil nei Himpens ta nei tsjerke, hwant dêr komt hjoed in dûmny, it mat in wûnder wêze, sa't dy preekje kin.
De dûmny makke him net bekend, mar dit praet sinnige him tige fansels.
Doe't se omtrint oan Ljouwert ta wienen sei de lifter: "Nou woe 'k der wol even út. Ik mat hwat wetter kwyt." Mar hwat er doe to dwaen hie - hy sprong samar oer de Bonkefeart hinne en doe't er oan 'e oare kant stie, rôp er tsjin 'e dûmny: "Nou hat Japik Ingberts fan 'e moarn mei jo riden!"
En doe wied er de reiden yngong.

Onderwerp

VDK 1525Z* 13 - Japik Ingberts spring over een brede vaart    VDK 1525Z* 13 - Japik Ingberts spring over een brede vaart   

Beschrijving

Een dominee is in een rijtuig op weg naar Hempens om te preken. Onderweg neemt hij een lifter mee die zegt naar de kerk in Hempens te moeten omdat daar zo'n goede dominee komt preken. Vlakbij Leeuwarden zegt de man even te moeten plassen. Als hij is uitgestapt, springt hij echter zomaar over de Bonkevaart, roept tegen de dominee dat Japik Ingberts met hem is meegereden en verdwijnt in het riet.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 72, verhaal 9

Commentaar

25 en 30 juli 1966
Japik Ingberts spring over een brede vaart

Naam Overig in Tekst

Wouden    Wouden   

Bonkevaart    Bonkevaart   

Japik Ingberts    Japik Ingberts   

Naam Locatie in Tekst

Leeuwarden    Leeuwarden   

Hempens    Hempens   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21