Hoofdtekst
Imke de Jong hat wol by ús yn skoalle west, yn de Ham. Wy wienen deabinaud foar him. Wy moesten allegear in sint meinimme, mar ik mocht net in sint ha, dat mocht ús net barre. Der wienen nòch trije bern, dy't net in sint hienen. Doe woarden wy mei ús fjouweren der útstjûrd. Mar doe gongen wy bûten foar 't glês stean. Imke hie de knop fan in stoel op 'e noas stean. Lytse Sytse siet yn 'e stoel.
Twa jonges moesten in stôk beethâlde, elk mei de fûst om in ein. Doe sloech Imke der mei de bûsdoek tsjinoan en doe siet der samar in ring om dy stok hinne. Imke iet in krante op en fan achteren kom der in prachtich moaije hynsteswipe wer út. Hy kom ek op 'e merken. Doe't er Tseard van Dekken op Hamstermerke stean liet, moest dy alle meneuvels, dy't Imke die, neidwaen.
Imke droech in rose broek en bûnte klean dêr boven.

Beschrijving
Bij de verteller op school zit een jongens die kan toveren. Als hij met een zakdoek tegen een stok slaat, zit er een ring om de stok en als hij een krant opeet, komt er van achteren een paardezweep uit. Hij treedt ook op op markten.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 72, verhaal 11
Commentaar
25 en 30 juli 1966
Naam Overig in Tekst
Imke de Jong   
Imke   
Lytse Sytse   
Tseard van Dekken   
Naam Locatie in Tekst
De Ham   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21