Hoofdtekst
In swager fan my, dat wie Remmelt de Haan, dy wenne yn Garyp. Dy kom us by ús op in pinkstermendei mei in wyt hynder foar de wein. De jouns gong er wer fuort. Mar de oare deis, dêr wied er al wer.
"Ha 'k hjir ek in beurs lizze litten?" frege der. "Der siet fjouwerhûndert goune yn. Hy siet yn 'e rjochter jasbûse."
Mar der wie net in beurs. Doe sei heit tsjin him: "Gean nei Feansterheide, nei âlde Antsje Snipel. Dy kin kaertlizze. Miskien wurdst dan mear gewaer."
Doe gong er dêr hinne. Antsje skodde de kaerten en sei: "Jo misse hwat. Jo misse jild."
"Ja," sei Remmelt, "kinne jo der hwat fan sizze?"
Hja skodde de kaerten noch us wer en sei: "Der is ien dy hat hwat hantgauwich west, mar jo krije 't jild wer. Mar fuortdalik net. Dat sil in skoftsje duorje."
Op in kear wie Remmelt fuort om to handeljen (Hy wie koopman). Syn wiif Maei wie ek krekt even fuort west. Doe't dy werom kom, kom har buorwiif krekt by harren ta 't hûs út.
"Hwat dochstû hjir?" sei Maei.
"Och," sei se, "ik woe hjir us sjen."
"Dû hast hjir neat to sjen", sei Maei.
Dyselde deis sei 't lyts fanke tsjin Maei: "Sjoch, mem, hjir fyn ik in beurs." Dy siet yn 'e widze. Alle fjouwerhondert goune siet der noch yn. Dy hie it buorwiif der dy deis stil yn lein, wurdt der tocht.

Beschrijving
De zwager van de verteller is zijn beurs met vierhonderd gulden erin kwijt. Zijn oom raadt hem aan naar de kaartlegster te gaan. Deze voorspelt dat hij het geld over een poosje weer terug krijgt. Op een dag ziet zijn vrouw als ze thuis komt net de buurvrouw uit hun huis naar buiten komen. Even later vinden ze de beurs met het geld erin terug.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 72, verhaal 14
Commentaar
25 en 30 juli 1966
Naam Overig in Tekst
Remmelt de Haan   
Maei de Haan   
Antsje Snipel   
Naam Locatie in Tekst
Garijp   
Veensterheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21