Hoofdtekst
As bern droegen wy altyd duveldrek op it boarst en it himd moesten wy altyd achterstofoar oan ha fanwege de tsjoenderij. Wy doarsten net nei Alle Tet ta. Mem en dy ek net. En wy doarsten ek neat fan har oannimme. Sy hie potdeksels to keap.
Op in kear kom se by ús mem en sei: "Dêr bin 'k al."
"Ja", sei mem, en sy wie deabinaud.
"Ik ha fan 'e nacht nei Spanje ta west," sei Tet, "nei de wynkelder. Jonge, jonge, hwat ha 'k dronken! Ik krige de biezem en gong op 'e stok sitten en wip, gong it troch de loft."
Op in kear wie mem har potdeksel stikken. Doe moest ik mei ús Jan nei Tet ta. Jan wie seis jier âlder. Tet sei: "Kom, dat treffe jim. Ik ha de kofje klear." Doe krigen wy elk in bakje kofje, sûnder molke.
Mar ik wie stjerrend binaud. Ik hie by mysels al útmakke. Sagau der my hwat skerps troch 't kielsgat giet, smyt ik har de kofje yn 't gesicht. Mar dat gebeurde net.

Onderwerp
SINSAG 0511 - Über Weg und Steg   
Beschrijving
In zijn jeugd droegen ze bij de verteller thuis altijd duiveldrek op de borst en het hemd achterstevoren tegen hekserij. Ze durfden niet naar Alle Tet, de heks, toe om potdeksels te kopen. De heks heeft zijn moeder een keer verteld dat ze 's nachts naar Spanje was geweest, wijn had gedronken en op de bezem weer was teruggevlogen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 72, verhaal 22
Commentaar
25 en 30 juli 1966
Alle Tet kan geïdentificeerd worden met Tietje Zwerver, 1829-1902 (opm. Willem de Blécourt).
Über Weg und Steg
Naam Overig in Tekst
Alle Tet   
Jan Schievink   
Naam Locatie in Tekst
Spanje   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21