Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ007403

Een sage (mondeling), woensdag 03 augustus 1966

Hoofdtekst

Myn heite folk wenne yn it hûs 'De zeven provinsjes', it hûs, dat nou de Loadewykstichting is. Dêr wienen froeger sawn keammerkes yn. Ien fan dy keammerkes dêr koe men nachts ûnderdak yn krije. 't Wienen omstippers en swalkersfolk, dat net arbeidzje woe, dat dêr measttiids yn sliepte. Heit wie in great jonge doe, dy koe lêze noch skriuwe.
Op in kear wie der in man by har, dy siet by pake bûtendoar. 't Wie yn 'e simmer. Hy hie in itenspanne foar him stean, doe krige er de krante en bigong to knippen. It wienen allegear soldaetsjes dy't er út 'e krante knipte. Doe sei er: "Alla!" en dy soldaetsjes bigounen allegear to dounsjen.
Pake rôp heit der by wei, hy woe net lije, dat dy it seach.
Doe kaem der in âld minske by, dy't der njonken wenne en dy sei tsjin dy man: "Bistû fan 'e duvel biseten?" En sy krige de tange en jage him fuort.

Beschrijving

De vader van de verteller woont in zijn jeugd een huis met zeven kamers. Een van de kamers is logeerkamer. Daar slapen vaak zwervers. Op een keer zit er een man met de grootvader van de verteller buiten met een krant. Hij knipt er soldaatjes uit en laat die dansen. De grootvader stuurt zijn zoon weg. Een oude buurvrouw vraagt of de man van de duivel bezeten is en ze jaagt hem weg.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 74, verhaal 3

Commentaar

3 augustus 1966

Naam Overig in Tekst

Huis 'De Zeven Provincies'    Huis 'De Zeven Provincies'   

Lodewijkstichting    Lodewijkstichting   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21