Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ007501

Een sage (mondeling), zaterdag 07 mei 1966

Hoofdtekst

Myn broer Sjoerd is al mear as 60 jier dea. Hy huisde mei Aefke yn in âld strieën keetsje.
Hy wie ôfkeurd foar de militaire tsjinst. Hy kaem wol gauris by Ael, hwant mei dy har jonges wied er kameraet. Mar Ael wie in tsjoenster. Ael sei tsjin Sjoerd:
Hwat sjochstû der min út, jonge. Dan joech se him in stikje roggebrea as in limmetmes sa tin, mei in laech bargeriezel der op fan wol in finger dik.
Mar yn 'e hoeke fan 'e keet fan Sjoerd en Aefke hie Sjoerd in balkje en dêr sieten acht jonge hoantsjes op. En op in nacht fleagen al dy hoantsjes troch de keet hinne. Dat wie gjin goed spul. Sjoerd en Aefke woarden heislike kjel en seinen: Hwat ús nou oerkomt, wite wy net.
Doe krige Sjoerd wer ris op in joun in stik roggebrea mei riezel fan Ael. Mar yn 'e nacht krige er in freesliken pine. En doe't dat oer wie, woarde er ôfgryslike raer. Yn 'e moarn bigong er to koarjen.
Hy stie by de jarregoate achter de keet. It wienen allegearre levende lytse toarnfiskjes, dy't er útkoarre. Even letter koam Ael by de doar. Doe lei Sjoerd krekt wer op bêd.
Is Sjoerd der ek? frege se.
Né, sei Aef, Sjoerd is fan 'e moarn bitiid al fuortriden. Hwant sy woe dy tsjoenster net wer binnen doarren ha.

Onderwerp

SINSAG 0588 - Verhextes Kind (Frau) speit Frösche, Kröten aus.    SINSAG 0588 - Verhextes Kind (Frau) speit Frösche, Kröten aus.   

Beschrijving

De broer van de verteller was vroeger bevriend met de zoons van een heks. Soms geeft de heks hem een dun stuk roggebrood met dik varkensreuzel erop omdat ze vindt dat hij er zo slecht uit ziet. De ene keer vliegen daarna zijn acht jonge kemphaantjes thuis door zijn huis, een andere keer krijgt hij vreselijk pijn en braakt hij allemaal levende stekelbaarsjes uit.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 75, verhaal 1

Commentaar

7 mei 1966
Verhextes Kind (Frau) speit Frösche, Kröten aus.

Naam Overig in Tekst

Sjoerd Huisman    Sjoerd Huisman   

Aefke Huisman    Aefke Huisman   

Naam Locatie in Tekst

Ael    Ael   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21