Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ007603

Een sage (mondeling), zaterdag 21 mei 1966

Hoofdtekst

Ik wie no oan 't murdejeijen mei Tseard Postma. Underweis siet der in murd ûnder in takkebult. Doe't de houn der by wie, stie der ynienen in hiele greate keardel by ús. Krekt as wied er út 'e groun forriisd. Ik hie noch noait sa'n greaten keardel sjoen. It wie in reus en hy hie in greate swarte cape om. Hy bigoun to praten en sei: Sil ik jim byljochtsje? Mar wy fortrouden it saekje net en Tseard sei: "Ik ha wol in lampe, dy brânt al."
De man wie samar ynienen fuort, as wie der troch de groun sakke. En dochs hawwe ik en Tseard him beide dúdlik heard en sjoen.
De hounen wienen deabinaud, sûnt dy keardel der west hie. Dêr wie neat mear mei to bigjinnen.
Doe't wy fierder roannen, bleauwen se achter ús mei de sturt tusken 'e poaten. En net earder as doe't wy de brêge fan Westergeast oer wienen, doe krigen se wer moed en bigongen fòàr ús to rinnen.

Beschrijving

Twee mannen zijn op bunzingjacht. Als hun hond een bunzing wil pakken, staat er plotseling een grote kerel voor hen met een zwarte cape om. De kerel vraagt of hij de mannen zal bijlichten, maar de mannen weren dat af. Dan is de kerel even plotseling weer verdwenen. De honden zijn nog lang doodsbang.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 76, verhaal 3

Commentaar

21 mei 1966

Naam Overig in Tekst

Tseard Postma    Tseard Postma   

Naam Locatie in Tekst

Westergeest (brug van)    Westergeest (brug van)   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21