Hoofdtekst
Joaste Antsje (Antsje Pik) lei op 't lân to jirpelsykjen. Ik makke in praetsje mei har. Der woarden troch Antsje forhalen forteld, dêr't wûndere dingen yn gebeurden. Ik woe 't net leauwe allegear. Ik liet my ûntfalle: As der dan hwat bistiet, dan woe 'k dat God my ek ris hwat sjen liet.
Mar doe hie 'k tofolle sein. Ik hie God der net by neame matten. Dy jouns soe 'k mei 't wiif to jounpraten. Mar ûnderweis kamen dêr ôfgryslike lûden út 'e hage en út 'e parrebeam wei. It gong dêr sa op in bounzjen, dat myn wiif sloech beide earms om my hinne fan kleare binaudens. Wy stienen dêr beide to triljen as in blêd oan 'e beam.
Dat wie it antwurd fan boven. Letter ha 'k noait wer hwat sein, dat sa roekeloas wie.

Beschrijving
De verteller hoort van een vrouw wonderlijke verhalen en hij laat zich ontvallen: "Als dat bestaat, dan moet God mij maar eens wat laten zien." Onderweg naar het avondpraten krijgen de verteller en zijn vrouw echter de schrik van hun leven: overal klinkt kabaal. De verteller vat het op als het antwoord van God. Vanaf dat moment heeft de verteller zich voorgenomen om nooit meer zulke roekeloze uitspraken te doen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 77, verhaal 10 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
25 mei 1966
Naam Overig in Tekst
Joaste Antsje   
Antsje Pik   
God   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21