Hoofdtekst
Der wie us in hiele rike mynhear, dy hie in húshâldster. Doe't er stoar liet er de húshâldster bilove, sy moest al syn jild mei yn 'e kiste dwaen. De húshâldster die dat.
Nei ôfrin fan 'e bigraffenis koe de famylje nergens it jild fine. Doe biskuldigen se de húshâldster derfan dat dy it stellen hie. Mar hja ûntkende it.
Doe gongen se der mei foar it rjocht. Dêr foel de húshâldster troch de koer. Sy bikende dat alle jild yn 'e kiste siet. Dat hie de mynhear sa bigeard. Doe gong de famylje nei it tsjerkhôf ta en se lieten it grêf iepenje. Mar doe't se it lid fan 'e kiste dienen, siet dêr in greate slange yn 'e kiste en dy slange brocht hyltyd in goudstik op in sulverstik yn 'e mûle fan it lyk.
Doe woarden se allegear sa binaud, dat se fleagen fan it tsjerkhôf ôf.

Onderwerp
TM 2900 - Vrijmetselaars   
Beschrijving
Er was eens een heel rijke man. Toen hij stierf, liet hij zijn huishoudster beloven dat zij al zijn geld mee in de kist deed. Na de begrafenis kon de familie nergens geld vinden en ze beschuldigden de huishoudster van diefstal. Voor de rechter bekende ze dat al het geld in de kist zat. De familie liet het graf openen, maar toen ze het deksel van de kist deden, zat er een grote slang in, die steeds een goudstuk op een zilverstuk in de mond van het lijk bracht. Toen werden ze allemaal zo bang dat ze van het kerkhof afvlogen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 79, verhaal 15
Commentaar
7 augustus 1966
Vrijmetselaars
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21