Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ007917

Een sage (mondeling), zondag 07 augustus 1966

Hoofdtekst

Doe't ik noch in jonge wie hellen wy altyd âlde stobben en sok spul út 'e Alde Feanen om dy op to stoken, hwant wy hienen 't froeger o sa krap. Achter hûs hienen wy in blok stean, dêr woarden dy stobben op kapt.
Mar nachts, dan hearde ik altyd it kappen op dat blok. It fremde wie, de oaren hearden it net, ik allinne. Heit en dy woenen it net leauwe en laken my út, mar ik spriek de wierheit.
Us mem hie altyd op 'e hoeke fan 'e tafel in doaske mei lúsjefers lizzen. Ik hearde elke nacht dat ien mei in lúsjefers op it doaske striek, mar de lúsjefers kom net yn 'e brân. Ik bin der wol om út bêd kom, hwant bang wie ik net, mar der wie noait hwat to sjen. En doch hearde ik it dúdlik.
Us húske wie boud fan 'e stien fan in âld hûs út Warten, en dat neamden se dêr it Spoekhûs, omdat it dêr nachts altyd yn spoeke. Myn wiif wol wol ha, dat der hwat fan dy spûkerij op ús hûs oergien wie troch dy stien.

Onderwerp

SINSAG 0061 - Werkgeister    SINSAG 0061 - Werkgeister   

Beschrijving

Toen de verteller nog een jongen was, haalden ze altijd oude stobben uit de Oude Venen om op te stoken. Op een blok achter het huis werden die gekapt. 's Nachts hoorde de verteller altijd kappen op dat blok, maar de anderen hoorden dat niet. Zijn moeder had een doosje lucifers op de hoek van de tafel liggen. Hij hoorde ook altijd dat iemand een lucifers afstreek, maar ze raakten nooit in brand. Er was ook nooit wat te zien. Hun huis was gebouwd van de steen van een oud huis uit Wartena, dat het Spookhuis werd genoemd, omdat het er 's nachts spookte. Zijn vrouw dacht wel dat er wat van de spokerij door de steen op hun huis was overgegaan.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 79, verhaal 17

Commentaar

7 augustus 1966
Werkgeister

Naam Overig in Tekst

Spookhuis    Spookhuis   

Naam Locatie in Tekst

Alde Feanen [Oude Venen]    Alde Feanen [Oude Venen]   

Warten [Wartena]    Warten [Wartena]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21