Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ008107

Een sage (mondeling), woensdag 10 augustus 1966

Hoofdtekst

It is sahwat krekt hûndert jier lyn. Heit wie noch feint, hy wenne by pake yn. Op in joun kom er thús mei de wein, dêr't er in pear jonge hynders foar hie. Pake wenne op in spultsje krekt oer 't spoar hinne. Mar it spoar wie der doe noch net. Doe't er oer it plak hinne ried, dêr't letter it spoar kom, wie der ynienen in heislik lawaei yn 'e loft. Heit waerd tige kjel en de jonge hynders rekken oerstjûr. Pake sei: "Hwat switte dy hynders."
"Hat heit dat geraes dan net heard?"
"Jawol."
"Nou, dêr bin de hynders kjel fan woarn."
Ridlik gau dêrnei waerd it spoar dêr oanlein. En doe hearden se krekt itselde lûd, doe't de trein oer de rails ried.

Onderwerp

SINSAG 0492 - Vorzeichen des Zuges    SINSAG 0492 - Vorzeichen des Zuges   

Beschrijving

De vader van de verteller komt op een avond met de wagen en twee jonge paarden ervoor thuis. Op de plaats waar nu de spoorlijn ligt, horen zijn vader en hij er ineens een hels lawaai. De paarden raken overstuur en zweten ervan. Kort daarna wordt op die plaats het spoor aangelegd en horen ze hetzelfde geluid als de trein over de rails rijdt.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 81, verhaal 7

Commentaar

10 augustus 1966
Vorzeichen des Zuges

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21