Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ008111

Een sage (mondeling), woensdag 10 augustus 1966

Hoofdtekst

In wjerwolf is in keardel krektlyk as wy. Mar hy hat in oare natuer.
Yn 'e Tsjerkebosk wie 't is op in joun lotsjen. Dat dienen se winterjouns om sinteklaes hinne mei dobbelstiennen. Ik wie 't hûs yngong dêr't se dat diene en der stie in feint njonken my. Doe biet dy feint my samar ynienen yn 't skouder, sûnder dat ik der op fordacht wie.
"Hwat bytstû my," sei 'k.
"Hi-hi-hi", sei er, krekt as in hynder.
De oare deis sei 'k tsjin mem: "Hwat docht my dat skouder sear."
Mem biseach it en doe sei se: "Bern, se ha dy biten, de greate toskleasten stean yn 't fel."
Dy jonge wenne yn Sweagerbosk. Hy hie noch seis bruorren. Se binne nou alle sawn al wei.

Onderwerp

SINSAG 804    SINSAG 804   

Beschrijving

Een weerwolf is een kerel net als wij. De verteller is op een avond bij een sinterklaasloterij in Tsjerkebos. Opeens wordt hij gebeten door een jongen in zijn schouder gebeten. Als hij hem vraagt waarom hij bijt, hinnikt de man als een paard. De volgende dag staan er grote indrukken van tanden in het vel. De jongen is één van zeven broers.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 81, verhaal 11

Commentaar

10 augustus 1966
Werwolf nimmt viele Gestalten an

Naam Locatie in Tekst

Tsjerkebos    Tsjerkebos   

Zwagerbos    Zwagerbos   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21