Hoofdtekst
Ik wie in jonge fan sawntjin jier. Ik lei op bêd. Doe hearde ik de tsjerne gean mei trije pompen, dan wie 't stil. Even letter wer trije pompen, dan wie 't wer stil en sa gong dat mar troch. 't Wie yn 'e nacht. De houn ûnder 'e moune spûkgûlde. Ik lei yn 't bûthús. Ik gong by 't bêd del. Doe koe 'k it noch better hearre. Mar hwat dat west hat, haw ik noait witen. Ik wenne doe yn Suwâld.
Beschrijving
De verteller heeft toen hij jong was 's nachts eens keer op keer de karn drie keer horen pompen, terwijl de hond spookhuilde. Hij weet niet wat het geweest is.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 83, verhaal 1
Commentaar
12 augustus 1966
Naam Locatie in Tekst
Suawoude   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
