Hoofdtekst
Myn wiif stie us op in joun foar 't glês to sjen. Doe seach se ynienen in lykstaesje oankommen. De lykwein foarop, mei in man mei in hege hoed der op, allegear minsken yn 't swart der achteroan. Hja hie de jirpels oer en tochte: ik gean even nei achteren om sâlt yn 'e jirpels to dwaen; as ik dan werom kom, binne se hjir sahwat oan ta, dan sjoch ik it better.
Mar doe't se weromkaem, wie der fan 'e hiele lykstaesje neat mear to sjen. Hja stie forsteld. Healwei seizen op 'e joun hie se tocht, wie ek al in nuvere tiid. Binnen de wike kaem der in roubrief en moast se op bigraffenis fan in âld minske, dat froeger húshâldster by harren west hie. Of dat nou deselde bigraffenis wie, wist hja net, omt hja de minsken net ûnderskiede koe.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
De vrouw van de verteller ziet op een avond een lijkstatie aankomen. Ze gaat even zout in de aardappels doen, maar als ze weer terukomt is de lijkstatie verdwenen. Kort daarna komt er een rouwbrief en wordt een oude huishoudster van haar begraven. Ze weet niet of het dezelfde begrafenis is, die ze al had gezien.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 87, verhaal 8
Commentaar
14 augustus 1966
Leichenzug gesehen
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21