Hoofdtekst
Ik haw ek in pake hawn dy't seldsume sterk wie. Hy wenne op 'e Houtigehage en 't kaem by harren o sa krap om. Op it Kattegat ûnder 'e Rottefalle hie pake in healsuster wenjen. Dy neamden se Manne-Auk omdat it minske keardelswurk die. Hja mjukse en kroade en al sa mear.
Pake frege har: "Hast ek hwat jirpels foar my?" It mocht har wol aerdich barre, dat sy sei: "Dû krigest hwat jirpels mei. Hoefolle kinst ha?"
Doe sei er: "Trije en in heal kuorfol."
"Astû dy sjouwe kinst oan Houtigehage ta," sei se, "dan hoechst der neat foar to jaen."
"Dat nim ik oan," sei pake.
Hy smiet de fjirdel kuorfol jirpels op 'e nekke en sette nei Houtigehage ta. Manne-Auk roan njonken him.
Ik haw pake noch krekt kend yn 'e sawntiger jierren. Hy is in goeije njoggentich jier woarn.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
De grootvader van de verteller is een sterke man. Hij gaat eens bij zijn halfzuster, ook een sterke vrouw die mannenwerk doet, aardappels halen. Op haar vraag hoeveel hij er kan dragen, antwoordt hij: drieeneenhalf kuorfol (35 kilo), 122,50 kilo. Als hij dat van het Kattegat naar Houtigehage kan dragen, hoeft hij niet voor de aardappels te betalen. Zo gebeurt het. De grootvader is meer dan negentig jaar geworden.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 88, verhaal 14
Commentaar
15 augustus 1966
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Kattegat   
Manne-Auk   
Naam Locatie in Tekst
Houtigehage   
Rottefalle   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21