Hoofdtekst
Ymke de Jong wie in hiele bikende gûchelder. Ik trof him wolris yn 'e kroech op 't Surhústerfean. Hwant hy mocht o sa graech in slokje. (Ik haw ek in dei en in nacht yn it tuchthús yn 't Hearrenfean sitten, doe siet hy der ek krekt yn)
Hy kom us by Tseard en Jehannes en Niel yn 'e kroech. Dy skreauwen har Knoop, it wienen twa bruorren en in suster. Se wienen tige fûl op 'e sinten. Ymke de Jong kocht dêr in stik of trije, fjouwer slokjes, mar hy hie gjin sinten om se to biteljen. Mar hwat die der? Der stie in kachel oer de flier.
"Kom," sei er, "ik moat pisje. Dat kin ik ek wol yn 't jiskelaed dwaen." En hy makke de gulp al iepen. Mar doe krigen Jehannes en Niel him by 't skouder en seinen: "Der út, dû smearlap!"
Dêr wie 't him fansels krekt om bigoun en sa wied er fan biteljen frij.
(Boele van der Heide, byneamd Boele Koekoek. b.1869 yn B'loane. Hat altyd yn B'loane wenne. Handele altyd. wie ek boerearbeider yn 'e Kompenije baggele yn Stêdskanael, yn 'e greidhoek fan Fryslân yn 'e ûngetiid, op 'e Grinzer bou keppelbaes, polderjonge, kastlein en hie buorkerije.
heit b. yn B'loane
mem b. yn B'loane.
is 97 jier, mar fytst elke wike noch nei Rottefalle to skearen)

Beschrijving
Een goochelaar gaat in een kroeg een paar borrels drinken, maar hij heeft geen geld om te betalen. Hij verzint een list. Hij zegt dat hij moet pissen en wil dat in de asla van de kachel doen. Hij knoopt zijn gulp al open, maar dan vatten de kroegbazen hem bij zijn schouder en sturen hem de kroeg uit. Zo komt hij er zonder te betalen vanaf.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 88, verhaal 21
Commentaar
15 augustus 1966
Naam Overig in Tekst
Imke de Jong   
Tseard Knoop   
Jehannes Knoop   
Niel Knoop   
Naam Locatie in Tekst
Surhuisterveen   
Heerenveen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21