Hoofdtekst
In broer fan skoanmem dat wie Tsjerk Witteveen. Dy wie al sa sterk, mat dat fornaem men meastal net. Mar ienkear hat skoanheit it ûnderfoun. Skoanmem hie in poppe krigen en lei yn 't waerm bêd. Doe wie omke Tsjerk kom mei brij foar skoanmem. Hy brocht de skjûden yn 'e fjûrpot yn 'e brân en hong de brij der boven om dy waerm to meitsjen.
Mar skoanheit, dat wie in minnen-ien. Dy kom út in forkeard laech. Dy skopte hyltyd tsjin 'e fjûrpot oan. Doe gong de gloppe wer ticht en wie der gjin flam.
Doe koe Tsjerk-om hin net langer bidimje. Hy waerd sa pûr, dat hy krige skoanheit by 't boarst en sodemitere him dwars troch 't bêdsket hinne. 't Bêdsket wie kapot, mar skoanheit hie syn bikomst.
"En astû noch net om 't lyk wolste, forsûp ik dy", sei Tsjerkom. Mar dat wie net mear noadich.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Tsjerk Witteveen, de broer van de schoonmoeder van de verteller is ook een sterke man. Hij maakt eens brij klaar in de vuurpot voor zijn zuster die net bevallen is. Maar haar man die van het verkeerde slag is, schopt alsmaar tegen de vuurpot aan zodat het vuur uitgaat. Tsjerk wordt zo kwaad dat hij de man beetpakt en dwars over het beddeschot heengooit.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 90, verhaal 16
Commentaar
17 augustus 1966
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Tsjerk Witteveen [   
broer van de schoonmoeder van de verteller]   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21