Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ009207

Een sage (mondeling), zaterdag 20 augustus 1966

Hoofdtekst

Achter Ljouwert wenne in âld minske, dat koe tsjoene. Op in joun kom der in man by harren to praten. Hy praette mei de man, hwant it âld minske siet yn 'e hoeke yn 'e stoel to sliepen. "Ik sei," frege er, "sliept it âldminske?"
"Ja," sei de man, "stil sitte litte, hwant hja hat fannacht gjin sliep hawn. Wy kinne togearre wol hwat jounprate. Meitsje har net wekker."
Doe't de prater thúskaem, doe sei syn wiif: "Hoe wie 't dêr?"
"Ik sei," antwurde hy, "oars goed, mar de frou siet iderkear to sliepen, en niis nòch, doe't ik fuortgong."
"Hwat guod," sei se, "dat minske hat de hiele joune hjir sitten to kofjedrinken en to praten."
"Nou," sei er, "dan wyt ik der genôch fan. Dan kom ik dêr net wer. Dan is 't in echte tsjoen-ster."
Ynpleats dat dêr in frou sitten hie, lei der in pânse yn 'e stoel. Dy hie har útjown foar de frou en seach der ek krekt sa út. Mar it wìe in pânse. As men dy klappen jown hie of bûtendoar smiten, dan hie de tsjoenster dea west.

Onderwerp

SINSAG 0669 - Zauberer ist an mehreren Stellen zugleich.    SINSAG 0669 - Zauberer ist an mehreren Stellen zugleich.   

Beschrijving

Achter Ljouwert woonde een oude vrouw, die kon toveren. Een man komt op een avond langs om met haar te praten, maar ze is de hele avond in diepe slaap en dus praat de man wat met haar man. Als de man uitgepraat is en weer naar huis gaat, vertelt hij zijn vrouw dat de oude vrouw de hele avond heeft geslapen. De vrouw van de man spreekt hierover haar verbazing uit, omdat de oude vrouw de hele avond bij haar is geweest om koffie te drinken en te praten. Dan is de man ervan overtuigd dat de vrouw een heks is en besluit nooit meer naar haar toe te gaan. In de stoel ligt een pens, die hij voor de vrouw aanzag. Maar als ze de buitendeur horen slaan, weten ze zeker dat de vrouw een heks is.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 92, verhaal 7 (archief MI)

Commentaar

20 augustus 1966
Zauberer ist an mehreren Stellen zugleich & TM 3110 De pens in het bed

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21