Hoofdtekst
Yn 'e Surhústerfeanster Mieden wenne in húshâlding mei bern. It gebeurde al us op in nacht, wylst de man net thús wie, dat de frou in kiste seach. Dy woardde ta 't hûs yn brocht. Sy foun it fremd, hwant sa'n kiste wie foar har of har man to lyts en foar de bern wied er to great, dat sy bigrypte der neat fan. Doe't de man thús kom, fortelde se hwat der gebeurd wie.
"Nou wol ik hjir net langer bliuwe", sei se, en sy forhuzen nei in oar plak.
Der kommen oare minsken yn 't hûs to wenjen. Dy hienen twa jonges, dy 't sukkelen. Twa maend letter stoar ien fan dy jonges. Hy kom yn in kiste, krekt sa great as dy frou it sjoen hie.

Onderwerp
SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen   
Beschrijving
Een vrouw ziet op een nacht als haar man niet thuis is een doodskist het huis binnengebracht worden. De kist is te klein voor de man en de vrouw en te groot voor de kinderen. Als ze het verhaal aan de man vertelt, wil hij niet langer in het huis wonen en het gezin verhuist. In het huis komt een ander gezin te wonen; de zonen hebben een zwakke gezondheid. Op een dag sterft een van de jongens, en hij past precies in de kist die de vorige bewoonster destijds gezien had.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 93, verhaal 2 (archief MI)
Commentaar
21 augustus 1966
Der Sarg gesehen
Naam Locatie in Tekst
Surhústerfeanster Mieden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21