Hoofdtekst
It is nou sahwat in tachtich jier lyn. Heit en mem wienen noch mar in pear maenden troud. Heit wie stuolwynder en fortsjinne dêr de kost mei. Mem gong mei him op 'e swalk. Se slepten nachts yn in lange siewein mei hege sketten oan 'e kant, dy't se dan meastal by in boer yn 'e skuorre stean hienen. Se hienen dêr hwat strie en hwat kledeguod yn.
Sa wienen se us swalkjende achter Grins. De wein stie op 'e tellen fan in greate boereplaets. De telle wie wol in fjirtich à 50 meter lang. 't Wie yn 'e iere moarn. It dage. Mem slepte noch, mar heit wie al wekker. Hy tocht: "Ik mat noch mar hwat stuolwine. Hwat dien is is dien." Dat hy kom út 'e wein en bigong op 'e telle to stuolwinen.
Doe bigong samar ynienen dy wein út himsels to roljen. Hy rolle nei de oare ein fan 'e telle ta en doe werom. Dat gong sa trije kearen hinne en trije kearen werom. Heit hat it faek forteld. Hy makke mem net wekker hwant hy tochte dat se dan ek noch bang wurde soe.

Beschrijving
Tachtig jaar geleden overnachtte een pas getrouwd echtpaar eens in hun wagen op de deel van een boerenplaats. De man was stoelenmatter van beroep. Toen het dag werd, klom de man uit de wagen en begon alvast wat stoelen te matten. Plotseling zette de wagen zich uit zichzelf in beweging. De wagen rolde drie keer de deel op en neer.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 94, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
23 augustus 1966
Naam Locatie in Tekst
Grins   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21