Hoofdtekst
Heit en dy hienen to flaechslûken west yn Pitersbierrum yn Grinslân. Yn 'e nacht, sahwat om twa ûre wienen se ûnderweis. Se roannen net hurd, hwant der roan in ploechje folk út 'e Harkema foar har, en dêr wienen se hwat binaud foar. Dêrom bleauwen se hwat achter. It paedtsje dêr't se lâns roannen, dêr wie in stikje rogge njonken.
Doe seagen se dat der yn 'e fierte hwat oankaem. Se koenen net sjen hwat it wie, mar sy tochten dat it it ploechje fan 'e Harkema wie en dat dy it op har jild forsjoen hienen. Dêrom fluchten se allegear yn 'e rogge en sy hâldden har sa stil as in mûs.
Mar sy wienen dêrom wol op har iepenst en seagen goed út nei hwat der gebeurde. Heit hie de holle boppe de rogge. Doe kommen der wol in 30, 40 man oan. Dy roannen allegear plechtich en statich en net ien fan har dy't in wurd sei. De achterste hie in flipjaske oan, en dy hie even oan kant sjoen en heit oansjoen. Mar der waerd neat sein.
Heit tocht, dat dat in lykstaesje west hie.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Een vader is met wat andere mensen 's nachts op weg naar huis. In de verte zien ze een groepje mensen aankomen en ze verschuilen zich uit angst beroofd te worden. Een plechtige stoet passeert. De achterste man draagt een pandjesjas en kijkt de vader even aan. De vader denkt dat het een lijkstoet was.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 94, verhaal 3 (archief MI)
Commentaar
23 augustus 1966
Leichenzug gesehen
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21