Hoofdtekst
Us heit en dy kommen op in nacht sahwat om ien ûre thús. Se hienen it fjild yn west. Der wie ek in jongfeint fan in jier of njoggentjin by har.
Se wienen sa'n fyftich meter fan in kaféke ôf. Dêr wienen de ljochten op, it gong der drok op in dounsjen en spyljen. Teade spylman syn lûd klonk boppe alles út. "Ronde!" rôp er.
Heit en dy seinen: "Dat treffe we, en dat midden yn 'e nacht." Dat sy roannen der op ta. Mar doe wie alles stil.
Se seinen: "Nou wolle se ús to fiter ha. Se dogge it der om." Dat elk gong op in fyftich meter fan 't hûs ôf en dêr bleauwen se in skoftsje lizzen. Doe't se dêr goed en wol leinen gong it ljocht yn 't caféke wer op en it gong wer op in spyljen en dounsjen dat it klapte. Teade rôp wer: "Ronde!"
Doe gongen heit en dy der wer hinne. Mar doe't se der oan ta wienen, wie alles wer stil en de ljochten wienen út. Se seinen: "Nou ha se ús dan wer forrifele."
Doe gongen se noch us wer lizzen in eintsje fan 't café ôf. Wer gongen de ljochten op en 't lawaei bigong wer foar't se der foar de trêdde kear hinne gongen, wie wer alles stil en donker.
Se harken foar it glês. Doe hearden se 't roeikjen fan in widze, dêr't in poppe yn lei. De widze dy kreake.
Doe wie der ynienen in helsk lawaei yn 'e jachtweide. It gong der sa oan wei, dat it wie krekt as sloegen se dwars troch alles hinne.
Doe krigen heit en dy yn 'e gaten dat it forkeard spul wie. Sy makken gau dat se fuort kommen.
Sûnt dy nacht ha se dêr yn dat caféke noait wer spylje en dounsje litten.
Dit gebeurde yn 'e Westerein.

Beschrijving
Vader is met wat vrienden 's nachts op weg naar huis, als ze bij een cafeetje komen. Het is er een vrolijke boel en de speelman roept 'Ronde!'. Als ze zich in het feestgewoel willen storten, verstomt het rumoer. Ze maken zich uit de voeten, en het lawaai zwelt weer aan. Als ze voor de derde keer bedrogen uitkomen, hurken ze voor het raampje en horen het geluid van een schommelende, krakende wieg. In de wieg ligt een pop. Op dat moment breekt er een oorverdovend lawaai los op de jachtweide. De mannen worden bang en gaan er vandoor.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 94, verhaal 9 (archief MI)
Commentaar
23 augustus 1966
Naam Locatie in Tekst
Westerein   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21