Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ009414

Een sage (mondeling), dinsdag 23 augustus 1966

Hoofdtekst

Hjir yn 'e Westerein hat in man wenne, dy wie ôfgryslike sterk. Popke Kaert neamden se him en hy wie tsiiskoopman. Hy roan mei de tsiiswein rounom hinne en sa kom er ek al ris de reed del by in boer dy't yn Nandel wenne, achter Grins.
Mar de boer woe net ha, dat der weinen op dy reed kommen, dat hy sei: "Werom."
Popke sei: "Ik bin hjir krekt, ik gean nou net werom."
De boer sei: "Dan mat ik jo werom smite."
Popke sei: "Dan matte jo dat mar ris prebearje."
De boer wie as izer, en hy pakte de tsiiskoopman. Mar de tsiiskoopman krige de boer ûnder.
De boer wie alhiel net lulk. Hy sei: "Dit ha jo earlik woun. En nou wol ik jo dit sizze. Wy binne maten. Tonei meije jo hjir altyd lâns dizze reed èn jo meije hjir fannacht èk bliuwe. Hwant ik ha noch noait yn myn leven myn partij troffen. Ik tocht, dat dy net bistie. Ik ha 't nou ûnderfoun."
Letter kom de tsiiskoopman dêr geregeld. Hy en de boer woarden kameraden.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

In Westerein woont een verschrikkelijk sterke kaaskoopman. Een boer die ook heel sterk is wil niet hebben dat hij op zijn erf komt en ze gaan samen op de vuist. De kaaskoopman legt de boer neer en de boer is zo perplex dat hij al zijn woede laat varen. Nog nooit heeft iemand zich kunnen meten met de ongelooflijke kracht van de boer en de boer en de kaaskoopman worden goede vrienden.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 94, verhaal 14 (archief MI)

Commentaar

23 augustus 1966
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Popke Kaert    Popke Kaert   

Popke    Popke   

Naam Locatie in Tekst

Westerein    Westerein   

Nandel    Nandel   

Grins    Grins   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21