Hoofdtekst
Heit en âlde Sake ha it swevende frommes op 'e Lange Loane sjoen. 't Wie in pear jier letter as doe't er dat brune ding seach. 't Wie winter en ljochtmoanne waer. Der lei snie.
Heit sei: "Der rint noch in frommes achter ús. Hja seagen beide om. It frommes bleau op in distânsje en hja hearden net, dat se gong.
Sake seach us better ta en sei: "It is ús Jetske."
It frommes roan om in daem hinne en draeide doe in loantsje yn, dat nei de Leijen ta gong (by 't keatling)
"Dêr draeit dat frommes it loantsje yn," sei Sake, "dat wol 'k better wite." Heit en Sake dêrhinne.
Mar by de hekke wie net in inkelde fuotleast yn 'e snie to sjen.
"Sjoch, dêr rint se", sei Sake. Hja roppe, mar der komt gjin antwurd. In bûnte middelskelk hie se foar.
"It is ús Jetske," sei Sake, "en se sweeft!"
By in stobbe woarde se ynienen wei en sy ha har net wer sjoen. By Sake en dy thús die bliken, dat it Jetske net west hie. Dy hie noait fan hûs west.
Wol mear minsken ha dat frommes dêr sjoen. Bearn Smook sei altyd: "It spoeket dêr."

Beschrijving
Twee mannen lopen op een koude winternacht buiten en horen achter zich een vrouw rennen. Ze denken dat het een bekende, Jetske, is en gaan haar achterna. Er zijn echter geen voetstappen in de sneeuw en de vrouw reageert niet op hun geroep. Even later zweeft ze voor de mannen uit in de lucht en daarna is ze plotseling verdwenen. Als ze thuiskomen, blijkt Jetske helemaal niet van huis geweest te zijn.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 97, verhaal 6 (archief MI)
Commentaar
25 augustus 1966
Naam Overig in Tekst
Alde Sake   
Sake   
Jetske   
Leijen   
Bearn Smook   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21