Hoofdtekst
To Drachtster Kompenije oan 'e wei nei Oerterp ta stie froeger in skeperije. It folk dat dêr wenne hie in hiele keppel drinten.
De frou hearde dêr alle nachten lawaei yn 't achterhûs. Sy woe wolus wite hwat dat wêze koe en op in nacht gong se der op ôf. Doe seach se twa neakene berntsjes, dy't om in dikke stile hinne dânsen.
De oare deis gong se nei de dûmny ta. "Hoe mat ik hjir mei oan?" frege se. Dûmny sei: "Jo nimme twa stikken wyt katoen en liz dy dêr joun by de stile del." Dat hat dy frou dien. De oare moarns wie it katoen der wei en it wie mei it lawaei yn it achterhûs nei dy tiid foargoed dien.

Beschrijving
Bij de scheperij op de weg naar Oerterp woonden mensen die een groep Drentse schapen hielden. Een vrouw hoorde elke nacht lawaai in het achterhuis en op een nacht ging ze kijken wat er was. Ze zag twee naakte kindertjes om een grote stijl heen dansen. Toen ze de volgende dag aan de dominee vroeg wat ze moest doen, zei hij dat ze twee stukken wit katoen bij de stijl moest leggen. De volgende dag was het katoen weg, en met het lawaai in het achterhuis was het voorgoed gedaan.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 105, verhaal 5
Commentaar
27 augustus 1966
Naam Locatie in Tekst
Drachtster Kompenije   
Oerterp   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21