Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ010905

Een sage (mondeling), maandag 04 juli 1966

Hoofdtekst

Ien fan 'e Kloostermans fan it Bouwekleaster ûnder Droegeham wie in stjerrekundige. Op in kear wied er yn Utrecht yn in herberch. Dêr wienen ek in stik of hwat studinten, dy't oan 't gekjeijen wienen. Hy fornom wol dat se de spot in bytsje mei him dreauwen, omdat hy der hwat boersk útseach.
Der siet oan syn taffeltsje in studint, dêr't er tafallich mei to praten kom. Dy studint siet hwat yn 'e forlegenheit, hwant hy hie birekkeningen makke fan 'e stjerren. En dy strookten net mei de útkomst. En hy koe de fout net fine. Doe rekke Kloosterman yn drok petear mei him. Hy koe de studint hielendal folgje en doe lei er him út, hwer't de fout skûle.
De studint nom ôfskie, mar de oare deis kaem er wer mei de oare studinten yn deselde herberch. Hy joech fuort Kloosterman de hân en sei: "Ik ha oan Jo to tankjen, dat de birekkening kloppet."
Net ien fan it hiele studintefolkje dat doe noch de gek hie mei de Bomkleaster boer. (Kloosterman syn omkesizzer Jehannes Germ de Vries hat dit Auke de Wal forteld)

Beschrijving

Een boer uit het Bouwekleaster is ook sterrenkundige. Op een dag praat hij in een café in Utrecht met een student die met sterrenkundige berekeningen worstelt. Andere studenten in het café maken de boer belachelijk omdat hij er 'boers' uitziet. De boer ontcijfert de sterrenkundige berekeningen moeiteloos. Sindsdien drijven de studenten niet meer de spot met hem.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 109, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

4 juli 1966

Naam Overig in Tekst

Kloostermans    Kloostermans   

Kloosterman    Kloosterman   

Jehannes Germ de Vries    Jehannes Germ de Vries   

Auke de Wal    Auke de Wal   

Naam Locatie in Tekst

Bouwekleaster    Bouwekleaster   

Droegeham    Droegeham   

Utrecht    Utrecht   

Bomkleaster    Bomkleaster   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21