Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ010907

Een sage (mondeling), maandag 04 juli 1966

Hoofdtekst

Sterke Hearke wie boerearbeider op it Bouwekleaster by Jan Binderts Kloosterman. Dêr wie ek in omkesizzer by Jan Binderts. Dat wie Germ de Vries. Se wienen us oan 't dongriden. Hearke mei noch in arbeider laedden togearre dong op 'e wein en stienen yn 't skerngat.
Op it lân stie ien arbeider to oplûken.
Jan Binderts brocht de dong nei 't lân ta.
Hearke wie in pûrbeste arbeider, mar hy gunde him sels rêst op 'e tiid. It wie syn moade altyd even op it tiksel to sitten as er de wein laden hie. Dan woed er even útpûste.
Dêr hied er allinne mar tiid foar as de boer stapfoets ried. Mar it wienen twa jonge hynders, dêr't de boer mei ried en hy koe se net yn bitwang hâlde. Dy hynders woenen hurd. Dat sadwaende hie Hearke gjin tiid om tusken it laden troch eefkes to bikommen.
Doe sei Hearke tsjin 'e arbeider: "Dû mast de dong op klobben splitte." Dat die de arbeider en doe sette Hearke yn in stik of fiif, seis klobben in foer dong op 'e wein. Dat wie fansels gau gebeurd en doe hie Hearke even lins.
Doe't de boer kom en it seach, sei er: "Mat dit sa?" "Ja," sei Hearke, "as jo net stapfoets ride wolle, ha ik gjin tiid om even op 't tiksel to sitten. Dan mat it sa."

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Sterke Hearke was boerenarbeider en hij kon goed doorwerken, maar hij was ook op zijn rust gesteld. Hij hield ervan even uit te blazen bovenop de deksel van de mestwagen. Dat kon echter alleen als de wagen stapvoets reed. Op een keer reed de wagen erg snel, omdat hij getrokken werd door twee jonge sterke paarden. Toen laadde Hearke vijf à zes wagenvrachten mest in één keer op de wagen zodat de paarden vanzelf wel langzamer gingen lopen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 109, verhaal 7 (archief MI)

Commentaar

4 juli 1966
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Jan Binderts Kloosterman    Jan Binderts Kloosterman   

Jan Binderts    Jan Binderts   

Germ de Vries    Germ de Vries   

Hearke    Hearke   

Naam Locatie in Tekst

Bouwekleaster    Bouwekleaster   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21