Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ011307

Een sage (mondeling), dinsdag 04 oktober 1966

Hoofdtekst

Petrus Penninga en Ruerd van Dellen kommen us op in snein út 'e (lytse) tsjerke fan Surhústerfean en soenen werom nei Houtigehage ta. Sy roannen in binnenpaedtsje lâns. Noch mar in eintsje wienen se op stap, doe kom der har in hiel great persoan tomjitte.
It minske wie steil en rjocht en dêrby roetswart en foars. Petrus en Ruerd wienen der beide tige kjel fan woarn. It wie in frommes mei in nuvere hâlding, dy't tige opfallend wie.
"Goeije navend", seinen Petrus en Ruerd, mar sy sei neat werom. Sy praetten der drok oer togearre.
Even letter kom Jan Penninga de beiden achterop. Dy siet yn 'e tsjerkerie en wie hwat letter út tsjerke wei kom. Sy fortelden Jan oer it frommes, dat se sjoen hienen. Jan sei: "Ik bin 't frommes ek tsjinkom. En ik sei ek lûd fan navend, mar tsjin my hat se ek neat werom sein."

Beschrijving

Op een zondag kwamen twee mannen uit de kerk. Op hun terugweg kwamen ze op een binnenpaadje een hele grote, roetzwarte vrouw tegen. Ze had een hele rare houding en ze groette niet terug.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 113, verhaal 7

Naam Overig in Tekst

Petrus Penninga    Petrus Penninga   

Ruerd van Dellen    Ruerd van Dellen   

Jan Penninga    Jan Penninga   

Naam Locatie in Tekst

Surhústerfean    Surhústerfean   

Surhuisterveen    Surhuisterveen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21