Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ011507

Een sage (mondeling), maandag 10 oktober 1966

Hoofdtekst

Ik ha 't oardel jier lang oan 'e nieren hawn. Doe kom myn swager út 'e Westerein us in kear by ús. Dy sei: "Der mankeart Bontsje neat. Hja sit ûnder forkearde minsken."
Doe gongen se earst foar my nei Jonge Jan ta fan 't Wytfean. Mar dy hat der net folle fan makke. Doe hat myn man foar my nei Úlke Bultsje west. Úlke sei tsjin him: "Kom bist dêr al, Japik? It woarde my foartiid al sein, datstû komme soeste. Mar wy ite earst hwat. Dêrnei gean wy togearre nei de keamer."
Doe't it iten dien wie, gongen sy nei de keamer. Ulke helle in hiel dik boek út 'e kast. Dat wie in toverboek.
"Hwer hastû west to skoffeljen fan 't simmer?" frege er.
"By Sibe en Griet", sei Japik.
"Hwa hat Bontsje ierdbeijen brocht?"
"Sibe", sei Japik.
"Krekt," sei Ulke, "hâld dy minsken yn 'e gaten.
En dan mat ik dy nòch foar guon warskôgje.
Marten Klopstra syn wiif en by dy har mem, krijst dêr wol us kofje?"
"Jawol", sei Japik.
"Gean dêr noait wer hinne om kofje. Hwant dan bistû de dupe."
Japik krige guod mei. Ik moest ek duveldrek yn in pûdtsje oan my ha. Stadichoan bin 'k wer better woarn.

Onderwerp

TM 3104 - Duivelsdrek als afweer    TM 3104 - Duivelsdrek als afweer   

Beschrijving

Vrouw heeft al jaren last van haar nieren. Haar zwager zegt dat haar niets mankeert, maar dat ze met verkeerde mensen omgaat. Duivelbanner waarschuwt haar voor bepaalde mensen die haar aardbeien en koffie aanbieden. Ze moet een zakje met duiveldrek bij zich dragen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 115, verhaal 7 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

10 oktober 1966
Duiveldrek als afweer

Naam Overig in Tekst

Bontsje    Bontsje   

Jonge Jan    Jonge Jan   

Úlke Bultsje    Úlke Bultsje   

Uilke    Uilke   

Japik    Japik   

Ulke    Ulke   

Griet    Griet   

Marten Klopstra    Marten Klopstra   

Naam Locatie in Tekst

Westerein    Westerein   

Zwaagwesteinde    Zwaagwesteinde   

Wytfean    Wytfean   

Witveen    Witveen   

Úlke    Úlke   

Sibe    Sibe   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21