Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ011907 - De wolf en de vos

Een sprookje (mondeling), zondag 23 oktober 1966

Hoofdtekst

De wolf en de fokse
Der wie in wolf, dy wie tige brutael tsjin 'e fokse. Hy sei: "Ik wol iten ha en dû mast der foar soargje dat ik guon krij."
"Kom dan mar mei," sei de fokse, "ik wyt wol iten."
En doe brocht er de wolf nei in boereplaets. Hy loadste de wolf nei de kelder ta, dy't oan 'e bûtenkant in gleske hie, dêr't spilen yn sieten. It gleske hienen se der foar wei dien fanwege it luchtsjen, hwant der wie krekt in baerch slachte en dy lei nou yn 'e kelder.
De fokse gong maklik troch de spilen hinne. De wolf wie tige meger fan 'e honger en koe der ek troch.
Dêr yn 'e kelder gong it drok op in iten, mar de fokse paste wol op, dat er net tofolle yn 't liif krige. Mar de wolf skrânse dat it hwat die.
"Hast hast genôch?" sei de fokse.
Op 't lêst wie de wolf sêd.
"Nou der út", sei de fokse. Hy koe sels maklik troch de spilen komme, mar doe't de wolf it bisochte, bleau dy der foar stykjen. Doe't de fokse dat seach, lake er him hast slop. En doe makke er safolle lawaei, dat de boer waerd der wekker fan en gong mei in grouwe kneppel op it leven ôf.
Doe foun er de wolf yn 'e kelder, dy't er fuort deasloech.
Mar de fokse makke gau dat er fuortkaem.

Onderwerp

AT 0041 - The Wolf Overeats in the Cellar    AT 0041 - The Wolf Overeats in the Cellar   

ATU 0041 - The Wolf Overeats in the Cellar.    ATU 0041 - The Wolf Overeats in the Cellar.   

VDK 0041 - The Wolf Overeats in the Cellar    VDK 0041 - The Wolf Overeats in the Cellar   

Beschrijving

Een vos wijst een wolf eten aan in een kelder. Ze kunnen net door de spijlen van het raam binnenkomen en samen eten ze van het geslachte varken. De vos let op dat hij niet teveel eet, maar de wolf eet zo veel dat hij vast blijft zitten tussen de spijlen. De vos moet zo hard lachen dat de boer er wakker van wordt. De vos maakte dat hij wegkwam, en de wolf werd door de boer doodgeslagen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 119, verhaal 7

Commentaar

23 oktober 1966
The Wolf Overeats in the Cellar

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21